Kontakt
Wolst mear witte oer myn ûnderfining, tariven of beskikberheid? Nim dan rêstich kontakt op!
Myn kontaktgegevens
- +31 6 521 032 08
- info@jolandawerkt.nl
- Vierhuisterweg 30, 8919 AJ Leeuwarden
Wolkom op de digitale thúsbasis fan Jolanda Wérkt. Do bist hjir oan it goede adres foar projektmanagement, marketingopdrachten, koördinaasje fan eveneminten en projekten dêr’t ferbining lein wurdt tusken minsken en organisaasjes.
Nei goed 20 jier yn leantsjinst wurke te hawwen, bin ik yn maart 2023 úteinset mei Jolanda Wérkt. Myn eigen ûndernimming, dêr’t ik graach oare organisaasjes út wei stypje as projektmanager.
Ik ha de ôfrûne desennia ûnderfining opdien yn ferskillende rollen en brânses. Wurkjouwers wiene û.o. L’Oréal, Vedior en Omrop Fryslân. Myn funksjes en rollen befûnen har faak op it snijflak fan sales, marketing en projektmanagement. Dat lêste die ik, ûnder en nei myn oplieding oan de Hegere Hotelskoalle, ek geregeld foar grutte eveneminten en cateringopdrachten.
Ik bin, mei it each op myn ûnderfining, breed ynsetber en gean graach mei dy yn petear oer mooglike opdrachten. Kearnwurden foar dy putten: útdaagjend, dynamysk, marketing, events, organisearje, ûntsoargje en ferbining lizze tusken minsken en organisaasjes. Hast in opdracht dy’t ien of meardere kearnwurden rekket? Dan drink ik graach in kear kofje om te ûndersykjen oft wy wat foarinoar betsjutte kinne.
Om in byld te jaan fan de opdrachten dy’t by my passe, fynst hjir trije resinte opdrachten. Dit koarte oersicht wurdt út en troch ferfarske.
De Afûk is in ynstelling op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. Sûnt de oprjochting organisearret de Afûk op ferskillende nivo’s kursussen Frysk foar Frysktaligen likegoed as net-Frysktaligen. Neist in eigen útjouwerij, ûntwikkelet de Afûk yn oparbeidzjen mei Fryske ûnderwiisynstellings ek lespakketten foar û.o. it middelber beropsûnderwiis.
Foar de Afûk bin ik û.o. projektkoördinator fan temadagen foar Fryske mbo-opliedingen. Fan de útnûgingen oant de catering en fan it oanstjoeren fan de contentkreaasje oant it koördinearjen fan de technyske fasiliteiten, as projektkoördinator ûntsoargje ik de managementteams fan de belutsen organisaasjes.
Team Novus is in nij ynternasjonaal reedrydteam mei atleten út û.o. Ingelân, Eastenryk, Nederlân, Noarwegen en België. Under lieding fan de Australyske coach Daniel Greig en âld Olympysk kampioen Michel Mulder, biedt it team de optimale sportive betingsten om te prestearjen op grutte ynternasjonale toernoaien. Dêrneist stelt Team Novus him ten doel om de reedrydsport ynternasjonaal te ûntwikkeljen nei in heger nivo.
By Team Novus bin ik as officemanager ferantwurdlik foar û.o. de (finansjele) administraasje, mar ek foar de hospitality om wichtige toernoaien hinne. Ik fyn it hearlik om ús sponsors en oare stakholders in fantastyske belibbing te bieden yn iisstadion Thialf of by ien fan de oare aktiviteiten fan de businessklup.
Licht op Drachten is in nij en ferrassend tsien dagen duorjend ljochtkeunstfestival yn en om it sintrum fan Drachten. Mei in soad op ljocht basearre wurken, lykas skulptueren, ynstallaasjes en projeksjes, set it festival de ferskillende pleinen, gevels, brêgen en ferburgen plakken fan Drachten op in nije en betsjoenende wize yn it ljocht.
Foar it festival koördinearje ik in oantal dielprojekten, dêrûnder de frijwilligersorganisaasje. Fan it oanlûken oant it organisearjen fan ynformaasjejûnen en fan it ynroasterjen oant de fersoarging fan de ynwindige mins. Dêrneist leverje ik in bydrage oan de finansjele dekking fan it evenemint, bygelyks troch it oanlûken en kontraktearjen fan sponsors. Neist it ferskaat fan myn wurksumheden fyn ik it foaral moai om, yn ’e mande mei in lyts mar besiele team, in hiel nij evenemint op te setten.
Wolst mear witte oer myn ûnderfining, tariven of beskikberheid? Nim dan rêstich kontakt op!
Vierhuisterweg 30
8919 AJ Leeuwarden
Dizze webside is makke troch